Froulju Hearrenfean spylje net

De wedstriid yn de earedivyzje fan it frouljusfuotbal tusken SC Hearrenfean en VVV Venlo giet tongersdeitejûn net troch. De fjilden fan sportkompleks Skoatterwâld op It Hearrenfean binne troch de froast ûnbespylber wurden. Dat hat de klup tongersdeitemoarn bekend makke.
De froulju fan SC Hearrenfean steane op dit stuit oan kop yn de earedivyzje mei 17 punten. De froulju fan VVV steane op it ien nei lêste plak.