Skoalle Techum te kâld

02 des 2010 - 10:48

De ferwaarming fan de brede skoalle yn Techum wurket net goed. Op dit stuit wurdt it gebou dêrom waarm hâlden mei mobile kachels. It probleem is dat it wetter te kâld it gebou ynkomt. De gemeente Ljouwert hat Essent frege dit probleem sa gau mooglik op te lossen.

Der hawwe earder problemen west mei it nagelnije gebouw fan 5 miljoen euro. Sa hat it lekt mei rein en wie it simmerdeis te waarm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)