Utlis oer traverse N31 Harns

02 des 2010 - 10:26

Yn wykgebou It Vierkant yn Harns kinne minsken fan tongersdei ôf útlis krije oer de oanlis fan de nije N31. Yn it gebou sit in spesjaal ynformaasjesintrum. De hiele dei binne der minsken dy't fragen beantwurdzje oer de nije dyk dy't foar in part ûndergrûns oanlein wurdt. Ek komt der in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal.

Dit sil de kommende jierren foar oerlêst soargje foar it ferkear. Foaral minsken fan de Oosterparkwyk sille hinder ûnderfine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)