Fytster ferwûne nei oanriding

02 des 2010 - 10:06

In famke (13) út Droegeham is woansdei ferwûne rekke op de Langeleane yn Surhústerfean. It famke kaam út in steech en fytste sûnder út te sjen de dyk op. Se waard oanriden troch in automobilist (40) fan Surhústerfean. It famke is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

It die bliken dat de automobilist mei drank op achter it stjoer siet. De man krige in rydferbod en in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)