Froulju Boalsert op rôftocht

02 des 2010 - 09:52

Twa froulju út Boalsert hawwe yn winkels yn harren wenplak foar tûzenen euro's oan klean, iten en oare gebrûksfoarwerpen stellen. De froulju fan 31 en 49 jier brûkten in preparearde tas yn in bernewein mei in lyts berntsje om it stellen guod mei te nimmen. De winkellju hiene de froulju al langer yn de gaten. Dochs duorre in noch in skoft ear't de dieven trapearre waarden.

De plysje fûn yn it hûs fan de froulju in grut part fan it stellen guod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)