Auto yn de brân stutsen
Op in carpoolplak oan de Westergoawei by Marsum is fannacht in auto yn de brân stutsen. De brân is ûntstien by de tank. Derom giet de plysje derfan út dat de brân oanstutsen is.
De brânwacht fan Marsum hie it fjoer gau út, mar de auto rekke sa swier skansearre dat dizze fuortsleept wurde moast.