Aalberts ynformateur SWF

01 des 2010 - 23:08

Boargemaster Arie Aalberts is keazen ta ynformateur foar it foarmjen fan in nij kolleezje yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Dat binne de politike partijen woansdeitejûn oerienkaam yn de earste iepenbiere byienkomst yn Drylts. It CDA is by de ferkiezings ferline wike woansdei mei tsien sitten as grutse partij út de bus kaam.

Aalberts sil takom wike de earste petearen hâlde mei de fraksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)