Evakuaasje fan Lauwersmar

Skriuwster Esther Naomi Perquin moast woansdei mei in helikopter evakuearre fan de Lauwersmar nei it fêste lân. Se siet foar it radioprogramma De Avonden fan de VPRO op in driuwend hûs. De bedoeling wie dat se foar in eksperiment in wike lang gjin kontakt ha soe mei de bûtenwrâld. Mei it kâlde waar wie it lykwols net mear te dwaan.
De kachel die it net mear, de wetterlieding wie beferzen en it wie ien en al iis om har hinne.