Swimbad Blauwe Golf ûntromme

01 des 2010 - 18:34

Fanwege de grutte stroomsteuring is woansdeitemiddei swimbad De Blauwe Golf ûntromme. It wie drok yn it swimbad fanwege in besite fan Sinteklaas. Troch de steuring foel it ljocht út en waard it noch waarmer yn it tropysk swimparadys.

Alle bern en oare swimmers waarden út it wetter helle. Tanksij de needferljochting koene se it paad nei de klaaikeamers wol fine. It swimbad is sletten en giet woansdei net mear iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)