Fytstunnel Ljouwert iepene

It Oostergoplein hie lang hinder fan de oanlis
Yn Ljouwert is tiisdei de fyts- en fuotgongerstunnel ûnder It Oostergoplein iepene. De oanlis fan de tunnel is ien fan de maatregels dy't de gemeente Ljouwert nimt om ta in bettere trochstreaming fan it ferkear te kommen.
Oan de tunnel is goed seis moanne wurke. Yn dy perioade is der in protte reinwetter fallen. Dochs bleau it projekt moai binnen de planning.