Noch twa oerfallers oppakt

De plysje hat de twa oare fertochten fan de oerfal op it âlder echtpear yn Drachten oanhâlden. It giet om jonges fan 13 en 17 jier. Tiisdei waard al in jonge fan 15 oanhâlden. De trije Drachtsters oerfoelen heal novimber in echtpear fan 87 en 83 jier yn har wenning oan de Schwartzenbergleane. De man waard dêrbij slein.
It echtpear wie slim oerstjoer en ek yn de buert wie ûnrêst troch de oerfal. De bút wie lyts, neffens de plysje gie it om tientsjewurk.