Ljouwert helpt útkearingslju

01 des 2010 - 16:00

De gemeente Ljouwert wol him mear ynsette foar minsken mei in útkearing dy't op grutte ôfstân steane fan de arbeidsmerk. It budzjet dat gemeenten fan it ryk krije om wurkleazen oan nij wurk te helpen wurdt hieltyd krapper.

In soad gemeenten kieze dêrom earder foar minsken dy't maklik te begelieden binne nei nij wurk. Ljouwert giet krekt troch mei in pilotprojekt om minsken dy't no net oan it wurk kinne oan frijwilligerswurk te helpen en sa aktyf te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)