Wykein gjin amateurfuotbal
Alle wedstriden yn it amateurfuotbal fan it kommend wykein geane net troch. De KNVB hat it hiele programma skrast. De reden foar dat beslút is it waarberjocht foar de kommende dagen.
It beslút jildt foar alle distrikten en lanlike kompetysjes en ek foar de topklassen op sneon en snein.