Dokter paraat foar fearboat

Foar it gefal der problemen ûntstean op fearboat Monnik, stiet der in dokter klear. De boat leit al sûnt woansdeitemoarn healwei achten fêst op in sânplaat, krekt bûten de haven fan Skiermûntseach. De 42 minsken oan board kinne der net ôf.
Ien fan de passazjiers is in âldere man mei sûnensproblemen. Mocht it nedich wêze, dan bringt in helikopter in dokter oan board. Neffens de opfarders wurdt it kâlder oan board en hawwe guon minsken in tekken oer.