Kâlder op fêstrûne fearboat

De situaasje op de fearboat de Monnik begjint hieltyd ûnoangenamer te wurden. Neffens de opfarders wurdt it kâlder oan board. Minsken sitte mei de jas oan en guon ha ek in tekken oer. Mooglik komt dat omdat it skip op needstroom draait.
Direkteur Ger van Langen fan Rederij Wagenborg ûntkent dat der problemen binne oan board. Op de Monnik sitte 42 minsken al sûnt healwei achten woansdeitemoarn fêst op in sânplaat.