60 oanmeldings foar HIV-test

01 des 2010 - 12:00

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat 60 oanmeldings krigen foar de HIV-test. Dy test wurdt dizze wike fergees oanbean, omdat it woansdei wrâld-aids-dei is. Minsken dy't witte wol oft sy wol of net it HIV-firus ûnder de lea hawwe koene dêrfoar in ôfspraak meitsje. De útslach is nei 20 minuten bekend.

Minsken kinne folslein anonym meidwaan oan dy test. It HIV-firus kin op termyn liede ta AIDS, mar is tsjintwurdich goed te behanneljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)