Soad ûnkosten oan skoallen

01 des 2010 - 11:54

De gemeente Dongeradiel moat de kommende jierren miljoenen ynvestearje yn ûnderwiishúsfesting. It basisûnderwiis hat foar 16 miljoen oan ynvestearrings útstean, it fuortset ûnderwiis foar 3 miljoen.

Neffens wethâlder Sicco Boorsma is der in spanning tusken it beskikbere jild en de plannen dy't der lizze. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders ferwachtet elk jier trije ton nedich te hawwen om in grut tal fan de plannen út te fieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)