Fearboat Skier fêstrûn

01 des 2010 - 08:50

De fearboat fan Skiermûntseach nei Lauwerseach is fêstrûn op in sânplaat. By ôfreis fan Skier hat de kapitein lykas altyd besocht it skip te draaien om yn de fargeul te kommen. Troch de hurde wyn en iis yn de skroef slagge dat net. Dêrtroch leit de boat no sûnt woansdeitemoarn healwei achten fêst.

In rêdingsboat hat besocht de boat los te lûken mar dat slagget net. It is ek net mooglik om de opfarders derôf te heljen. De

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)