Dyk tsjuster nei stellerij

30 nov 2010 - 22:41

De Haulstersingel by Ousterhaule bliuwt tenei tsjuster. De strjitlantearnen mei sinnepanielen dy't de gemeente pleatst hie, binne al twa kear stellen. Doarpsbelang en gemeente ha no besletten de lampen net opnij te ferfangen, omdat se net leauwe dat de lantearnen no al stean bliuwe.

De ferljochting hat 17.000 euro koste. Doel wie de feiligens te ferheegjen foar de skoalbern dy't de dyk in soad brûke om nei De Jouwer te fytsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)