Soarch om steatsobligaasjes
De FNP yn provinsjale steaten hat soargen oer de feilichheid fan bûtenlânske belizzings. De provinsje Limburg hat 17 miljoen euro ferlern op steatsobligaasjes yn lannen as Ierlân Portugal, Spanje en Italië.
FNP'er Johannes Kramer wol witte oft Fryslân sokke obligaasjes hat. Ek wol de FNP witte oft de provinsje fan riskante obligaasjes ôfkin en wat it kolleezje fan DS docht om in strop foar te kommen.
Trefwurden:
argyf