Gaslek Snits wer ticht

It gaslek yn 'e Morrahemstrjitte yn Snits is wer ticht. Yn dy strjitte moasten tiisdeitemoarn tritich minsken út harren hûs wei. By wurk oan 'e riolearring is in graafmasine troch in gaslieding hinne sakke. De kraanmasinist koe slimmer foarkomme troch de masine fuortendaliks út te setten. Oars soe in fonkje fataal wêze.
Fyftjin huzen waarden ûntromme. De Scherwolderstrjitte en de Pieke Zijlstrjitte waarden ek ôfsletten.