Gemalen útset foar iisgroei

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat sûnt moandei 70 persint fan de poldergemalen dêr't dat koe, útset. Sa komt it wetter ta rêst en kin it iis oangroeie. Tiisdei wurde ek gemalen útset, as dat kin. Yn de polders dêr't se útstean, wurdt de situaasje goed yn de gaten hâlden.
Op guon plakken, foaral yn it súdeasten fan de provinsje, steane in soad gemalen noch oan. Dêr binne leechlizzende feanpolders dêr't in soad kwelwetter is troch in hege grûnwetterstân.