Ynbrekker naait út oer it iis

De plysje hat moandeitenacht yn Ljouwert in man fan 30 oanhâlden omdat er ynbrutsen hie yn in kantoar. Doe't de plysje nei it ynbraakalarm te plak kaam, seagen se dat ien hurd útnaaide. De fertochte draafde oer it tinne iis fan in sleat en koe net mear achterhelle wurde.
Eefkes letter koe de plysje op de Jelsumerstrjitte wol in twadde fertochte oanhâlde. Yn it kantoar stie in tas mei ynbrekkersark. Dy is yn beslach naam.