Noch gjin dúdlikens ferfier

argyffoto
Der is noch hieltyd gjin dúdlikens oer it learlingferfier per wettertaksy. Learlingen dy't alle dagen fan It Amelân nei de fêste wâl ta moatte foar ûnderwiis waarden as proef mei de wettertaksy oerset. It kolleezje en de helte fan de ried wol dat no struktureel ynfiere. De oare helte fan de ried fynt it lykwols te djoer en foar in te lytse doelgroep.
De stimming wie gelyk om't der ien riedslid net wie. Dêrom wurdt der op 20 desimber nochris oer fergadere.