Feroarings by de Slotpleats

29 nov 2010 - 22:01

Natoermonuminten is fan doel om in part fan de bosk by de Slotpleats yn Bakkefean te kappen. De bosk moat dêrtroch mear natoerlik wurde. Under oare de beammen by de slinke moatte fuort. Sa kin mear sinneljocht op 'e grûn komme en kin der mear heide ûntstean dêr't gerskrûpers en boskpipers harren thús fiele.

Op oare plakken moatte ek beammen fuort. Omwenners kinne takom wykein mei boskwachter Huiting de bosk yn om útlis te krijen oer de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)