Bob de Vries wint maraton

Foto: Martin de Jong
Bob de Vries fan De Haule hat moandeitejûn de earste maraton op natoeriis wûn. De Vries koe yn de slotfaze fan de wedstriid yn Noardlaren loskomme fan in kopgroep fan fiif. Dêrnei slagge it him om allinnich oer de streek te kommen.
In twadde plak wie der foar Christijn Groeneveld en in tredde plak foar Martijn van Es. By de froulju gie de Grinzer Foske Tamar van der Wal mei de earste priis nei hûs. Maria Sterk fan Hallum waard twadde.