80.000 euro foar doarpshûs

Gemeentehûs Skarsterlân
Doarpshûs It Deelhûs yn Haskerdiken krijt 80.000 euro fan de gemeente Skarsterlân foar it opknappen fan de keuken en de berging. It âlde ferbouwingsplan is in jier ferlyn ynlutsen troch it bestjoer, omdat it fierstente djoer wie. De gemeente woe der net oan meibetelje en it doarp koe it net opbringe. Dêrom is der in nij plan makke foar yn totaal 150.000 euro. Der komt no gjin nij toaniel en der wurdt gjin pjutteboartersplak byboud.