30.000 sliden ferkocht

Boartersguodymporteur Van der Meulen fan Snits hat de ôfrûne moannen hast 30.000 sliden ferkocht. Noch net earder ferkocht it bedriuw safolle en draaiden se sa'n goede omset. De sliden binne op it stuit sa goed as útferkocht. Ein desimber wurde der wer nije ferwachte.
Earder dit jier waard ek al in rekôr oan swimbaden ferkocht. Van der Meulen draait mei dêrtroch ien fan 'e bêste jierren út 'e 130-jierrige skiednis fan it bedriuw.