Húskes yn trein bûten gebrûk

De húskes yn de Arriva-treinen kinne net brûkt wurde
Minsken dy't yn dizze kâlde tiid mei in Arriva-trein reizgje, moatte foar de reis nei it húske gean. Troch de froast kinne de húskes yn de treinen nammentlik net brûkt wurde. Arriva slút de húskes ôf om't sawol it sûchsysteem as it spjilwetter bûten de trein hingje. Beide systemen dogge it mei dizze lege temperatueren net.
Sadree't de húskes wer brûkt wurde kinne, wurdt dat yn de trein en op de perrons dúdlik makke.