PVV jout ferset tsjin JSF op

29 nov 2010 - 14:29

De PVV keart him net langer tsjin de oanskaf fan de JSF-strieljager. PvdA en SP neame de draai fan de PVV ûnbegryplik. Foarhinne wie de partij altiten falikant tsjin de oanskaf fan de gefjochtsfleantugen, mar yn in Keamerdebat lei de partij him moandei by de komst fan de JSF del.

De partij ferwiist nei de hantekening dy't set is ûnder it gedoochakkoart. Dêryn stiet dat der in 2e JSF-tastel oanskaft wurde sil, wat de definitive oanskaf fan de JSF tichterby bringt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)