Spesjale stoeptegel op skoalle
By de Johan Willem Frisoskoalle yn Ljouwert wurde tiisdei fjouwer spesjale stoeptegels pleatst. De tegels binne betocht troch bern fan de skoalle en binne in ûnderdiel fan in gearwurkingsprojekt tusken de gemeente en Jantje Beton. It giet dan om in projekt dat bern tichtby hûs bûten boartsje kinne.
By boarterstún Gerard Dou wurdt woansdei ek noch in keunstwurk fan Marco Goldenbelt ûntbleate yn it ramt fan it bûtenboartersprojekt.
Trefwurden:
argyf