B'him draacht wetterbehear oer
De gemeente Boarnsterhim draacht it wetterbehear yn har doarpen moandei offisjeel oer oan Wetterskip Fryslân. It Wetterskip wurdt ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de gemalen en de wichtichste wetters yn de doarpen.
Dêrneist wurde der yn in saneamd wetterplan ôfspraken makke tusken de gemeente en It Wetterskip oer gearwurking yn it wetterbehear. Dêrby falt te tinken oan it baggerjen en oanpassen fan it Nij Djip yn Grou.
Trefwurden:
argyf