Amelanner bunker opgroeven

29 nov 2010 - 12:12

Yn de Hollumer dunen op It Amelân is moandeitemoarn de tagong nei in bunker iepengroeven. De bunker wie ûnderdiel fan de Atlantikwall en is yn de jierren 60 folslein ûnder it sân ferdwûn.

Neffens de ferhalen soe er noch yntakt wêze. Hy wurdt opgroeven yn opdracht fan de Stichting Amelander Musea. Dy wol besjen oft de bunker as museum brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)