Yn trije tsjerken ynbrutsen

Yn de nacht fan freed op sneon is yn Balk, Nijemardum en Warns ynbrutsen yn trije tsjerken. Ut de tsjerke oan de Raadhússtrjitte yn Balk waard jild stellen. Yn Nijemardum binne de dieders nei alle gedachten steurd by de ynbraak yn de tsjerke oan de Lyklamawei.
Yn de tsjerke oan de Buorren yn Warns is in soad fernield. It in noch net bekend wat dêr stellen is. De plysje is op syk nei tsjûgen.