Earste winst froulju Snits

29 nov 2010 - 09:15

De follybalfroulju van Snits hawwe dit wykein harren earste wedstryd yn de A-League wûn. TFM/DOK waard yn Dwingeloo oertsjûgjend mei 3-0 oan de kant set. De setstannen wienen mei 25-16, 25-21 en 25-20 foar Snits.

Troch de winst ferdûbelje de froulju harren puntenoantal oant seis út acht wedstriden. Dêrtroch hâlde se sicht op in trijetal ploegen dy't krekt boppe harren steane. Dwingeloo stiet mei twa punten stiif ûnderoan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)