Kramer nominaasje sportman

Sven Kramer
Reedrider Sven Kramer is nominearre foar de titel 'Sportman fan it jier 2010'. Kramer moat it opnimme tsjin fuotballer Wesley Sneijder en reedrider Mark Tuitert. De nominearren binne keazen troch in faksjuery, dêr't ûnder oaren ek Henk Gemser en Joop Alberda ynsitte.
Neist de sportman fan it jier wurdt der ek in sportfrou, sportploech, coach en handikapte sporter fan it jier keazen. It sportgala is op tiisdei 14 desimber yn Amsterdam.