Wer ferlies A6.NL Flyers

29 nov 2010 - 07:58

De iishockeyers fan de A6.NL Flyers ha ek de twadde wedstriid fan it wykein ferlern. Nei it thúsferlies fan sneon tsjin HYS Den Haach (7-4), waard sneintejûn mei 6-0 ferlern yn Tilburch fan de Destil Trappers. De perioadestannen wiene: 1-0, 4-0 en 1-0.

Troch it dûbele ferlies sakje de Flyers nei it sechsde plak op de ranglist. De Feansters ha alve punten út sân wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)