Wichers wint sulver op NK judo

Jennifer hjirre yn aksje
Fries om utens Jennifer Wichers fan Burgum, is sneon op it NK Judo yn Rotterdam twadde wurden yn de klasse oant 63 kg. De 20-jierrige Grinzer judoka ferlear de finale mei in yuko fan Anicka van Emden.
Ek Frysk súkses wie der mei in brûnzen medalje yn deselde klasse foar Margriet Bergsma (17) fan De Lemmer. Ek brûns wie der foar der de 22-jierrige Miranda Wolfslag út Ljouwert yn de klasse oant en mei 52 kg.