Wiersma, Visser rap yn Wommels

28 nov 2010 - 14:20

Atleet Harry Wiersma fan Blije hat sneon de Slachterin oer 21 kilometer wûn. Dat die er yn in tiid fan 1.22.10, foar Saco Hemstra út Weidum yn 1.23.02 en Nyk Adema fan Makkum (1.24.08).

Yn Wommels wie Corine Visser út Ljouwert mei 1.39.28 de rapste foar Marjan de Ruiter fan Snits yn in tiid fan 1.41.44 en Geke Venema fan Easterlittens (1.48.13). Fanwege it winterwaar wie der op guon plakken sâlt struid. 260 rinners diene mei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)