Frou mei auto yn sleat
In 20-jierrige frou út Holwert is sneontemiddei yn Brantgum mei har auto yn de sleat riden. Se rekke op de Dokkumerwei mei in tsjil yn de berm. Doe't se besocht by te stjoeren, rekke se de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn de sleat.
De brânwacht hat de frou út de auto helle. Se is mei nek- en rêchklachten nei it sikehûs yn Dokkum brocht.