Ynbrekkers warber yn Fryslân

28 nov 2010 - 12:45

Yn Balk is freedtenacht ynbrutsen yn de tsjerke oan de Raadhuisstrjitte. De dieder koe deryn komme troch in rút te fernielen. Hy is útnaaid mei in jildbedrach, hoefolle is net dúdlik.

Yn Broeksterwâld is sneon yn trije huzen ynbrutsen. Ut in hûs oan de Westerloane waard jild stellen. Op dit stuit is noch ûndúdlik wat der út de oare twa huzen, oan de Auke Jansstrjitte, fuorthelle is. De dieder koe deryn komme troch in rút te fernielen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)