Man rydt hast op plysjes yn

28 nov 2010 - 12:41

In 29-jierrige man út Drachten is sneontenacht oanhâlden foar besykjen ta deaslach. De man ried mei in flinke gong yn syn auto fan in parkearterrein oan de Noordkade ôf. Plysjes joegen him in stopteken, mar de man ried sûnder te remjen bewust troch. Ien fan de plysjes koe mar krekt oan de kant springe.

Doe't de fertochte eefkes letter oanhâlden waard, fersette er him en misledige er de plysjes. Hy is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)