Opskuor yn roomske tsjerke

De driigjende sluting fan in oantal roomsk-katolike tsjerken yn Fryslân sil foar opskuor soargje, seit pastoar Paul Verheyen fan de parochy yn Dokkum. It tal Fryske roomsk-katoliken dat noch nei tsjerke giet, sil de kommende tsien jier mei 40 prosint ôfnimme, fan 4700 nei 2600.
Ek it tal frijwilligers yn de Fryske roomske tsjerke rint yn deselde peioade mei 30 prosint werom. Biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert kundige sneon in reorganisaasje oan.