Hearrenfean ferspilet winst

27 nov 2010 - 22:51

SC Hearrenfean hat tsjin AZ yn de slotfaze de winst lizze litten. Yn de 90ste minút soarge ynfaller Kolbeinn Sigthórsson foar de 2-2 einstân.

De Alkmaarders kaamen al nei 6 minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Pontus Wernbloom. Yn de twadde helte soarge Mika Väyrynen foar de lykmakker. Ynfaller Daryl Janmaat like yn de 81-ste minút matchwinner te wurden. Mar yn in amusante twadde helte krige in opportunistysk AZ de lykmakker dochs noch op it skoareboerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)