Stipepunt yn Twizelerheide

Boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen hat sneon yn Twizelerheide in stipepunt en in loket iepene. Ut it stipepunt wei kinne allegear aktiviteiten organisearre wurde foar en troch it doarp.
Sa is der al in saneamde ynbringwinkel realisearre dêr't klean ynbrocht wurde kinne. By it loket kinne belangstellenden fia in byldskerm kontakt lizze mei allegear tsjinsten lykas de gemeente en de plysje.