Simon Kuipers twad yn Hamar

27 nov 2010 - 15:09

Simon Kuipers hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Hamar de sulveren medaille pakt op de 1500 meter yn in tiid fan 1.45,97. Ek yn Thialf helle Kuipers al in twadde plak. De Feanster reedrider wie krekt rapper as de Amerikaan Shani Davis: 1.45,98.

De deiwinst gie nei syn lângenoat Trevor Marsicano mei in tiid fan 1.45,54. Yn de wrâldbeker stiet Kuipers twad, efter Davis. Snein ride de manlju noch de 10.000 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)