Addy de Jongh riddere

Otters by Addy de Jongh
Addy de Jongh út Ljouwert is sneon beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. De Jongh wie belutsen by de oprjochting en eksploitaasje fan de Stichting Otterstation Nederland en otterpark Aqua Lutra by Ljouwert.
Addy de Jongh is in grut part fan syn libben al dwaande mei it wolwêzen fan de otter. Hy krige de fersiersels opspjelde troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert by de fiering fan it 25-jierrich jubileum fan Stichting Otterstation Nederland.