Brommer rydt op bern yn

27 nov 2010 - 14:36

In 40-jierrige ynwenner fan Rie is freedtejûn oanholden omdat de man op syn brommer op in tal bern ynriden wie. Dat barde op it Hemmemaplein yn Berltsum.

De fertochte wie ûnder ynfloed fan drank en mooglik drugs. De bern koene krekt op 'e tiid oan de kant springe. De Riester gie dêrnei eefkes fierderop ûnderút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)