Reorganisaasje bisdom

Der komt in reorganisaasje by it bisdom Grins-Ljouwert. De belangrykste oarsaak is dat der hieltyd minder Friezen nei tsjerke ta gean. It bisdom wol in soarte fan weryndieling fan de besteande parochys. Neffens biskop De Korte soene 31 fan de 41 hjoeddeiske Fryske parochys yn 2020 yn de reade sifers bedarje as der no neat bart.
Nei ferwachting sil it tal minsken dat lid is fan de Roomsk-Katolike tsjerke yn de perioade oant 2020 mei 20 prosint werom rinne.