PvdA dúdlik oer weryindieling

Gemeentehûs fan Boarnsterhim
De Legeaën nei de nije gemeente Súdwest Fryslân, Terherne nei Skarsterlân, Aldeboarn en Akkrum nei Hearrenfean en de rest fan Boarnsterhim nei de gemeente Ljouwert. Dat is it stânpunt fan de PvdA fraksje yn Boarnsterhim. No tiisdei moat de gemeente in beslút nimme oer de weryndieling fan Boarnsterhim.
Benammen de kar foar Aldeboarn wie dreech, omdat it draachflak foar Opsterlân of Hearrenfean net dúdlik nei foarren kaam is.